Beste Snie

Lâns dizze wei soe Teatergroep ATOL jo graach yn 'e kunde bringe mei de famylje fan Dieter en Marie en harren lyts famke Pomme. It bysûndere oan dit ferhaal is dat wy fan teatergroep 'ATOL', it publyk sjen litte dat wat hoeddeis al sa gewoan liket, absoluut net sa is. Dat wol sizze yngrypjende gebeurtenissen ha faak folle mear ympact op lytse bêrn as dat wy tinke.

'Beste Snie', giet oer wat in lyts famke meimakket as harren âlders besletten ha it byltsje der by del te smiten. It houlik wurket net mear en in skieding wurdt yn gong setten.

ATOL lit middels it ferhaal en de wiize werop wy it publyk mei nimme, jo fernuverje. Jo sille neitiids ferstompt efterbliuwe.

Beste Snie wurdt spiele op 5, 6, 11, 12, 13, 18, 19 en 20 maaie om 20.30 oere op de Slotweg 19 yn Sint Nyk.

Reservearje; 06 - 26 23 74 37

Teatergroep ATOL Beste snie 2017
Archyf. In stikje oer de foarstelling fan 2015: Swart Wetter: Kade útgrave foar boatsje-wille.
Theatergroep ATOL (Ander Toneel Op Locatie).